Fugelfrij

Fugelfrij
Muziek: Rhody Matthijs
Tekst: Ekie Hoeksma

As de nacht foar my wer wekker leit,
glanzjend seft yn blau flewiel
rik ik myn wezen ut en sjoch
yn 't skynsel fan it moanneljocht:
libben dat ik mei dy diel

Langut leist hjir en do sjochst my oan
eagen fol fan libbensfjoer
mei in plan al klear foar elke dei
ik hear dy sizzen: kom giest mei
tegearr' op aventoer?

Ik fiel dyn eagen, priuw dyn stim
do wennest yn myn hert
no fregest romte en tiid fan my
ik hear dyn tinzen: 't is foarby
do wolst romte
do wolst fugelfrij...

As de dei yn mei ferdreame wol
griis en skimerich ferfljocht
lit ik my dreame op gefoel
wol underweis, mar sunder doel
wer is d'ein fan dizze tocht?

Stadich waait de wyn de dize fuort
glydt it ljocht oer myn bestean
toant my dyn byld net skerp mar seft
ik hear dy sizzen: do hast kreft
om dyn eigen wei te gean

Ik fiel dyn eagen, priuw dyn stim
do wennest yn myn hert
no fregest romte en tiid fan my
ik hear dyn tinzen: 't is foarby
do wolst romte
do wolst fugelfrij...

Leafde is en leafde bliuwt,
ik fiel, ik kin it jaan
was sil it hein' en haldt it fest?
wa lit it groei' yn alle rest
en romte foar us twaen?

Ik fiel dyn eagen, priuw dyn stim
do wennest yn myn hert
fregest romte en tiid van my
no kin ik sizze: 't is foarby
ik ha de romte
fiel my fugelfrij...

ik ha de romte
fiel my fugelfrij...


source: Songteksten.nl

Language: dutch